De Fal fan Camelot

De Fal fan Camelot
algemiene gegevens
oarspr. titel Idylls of the King
auteur Alfred Lord Tennyson
taal Ingelsk
foarm poëzij
sjenre gedichtesyklus
1e publikaasje 1856-1885
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Fal fan Camelot
publikaasje 2011, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Elikser
oersetter Geart fan der Mear
ISBN oers. 978-9 08 95 43 042

De Fal fan Camelot, yn it oarspronklike Ingelsk: Idylls of the King, is in syklus fan tolve ferheljende gedichten fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske Ingelske dichter Alfred Lord Tennyson (1809-1892). Yn 'e gedichten wurdt de leginde fan kening Arthur op 'e nij ferteld, mei syn ridders fan 'e Rûne Tafel en syn tsjoender Merlyn, syn leafde foar Guinevere, har tragyske ferrie en oerhoer mei Lancelot, en de opkomst en ûndergong fan Arthur syn keninkryk. Idylls of the King, wêrfan't de ôfsûnderlike gedichten tusken 1856 en 1885 publisearre waarden, wurdt faak beskôge as in allegory fan 'e maatskiplike konflikten yn it Fiktoriaanske Grut-Brittanje. De Fryske oersetting fan Geart fan der Mear kaam út yn 2011.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search